Sineeske studinten leare suvel meitsjen yn Ljouwert

14 des 2015 - 19:48
  • Van Hall Larenstein yn Ljouwert

Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert sil gearwurkje mei de universiteit yn it Sineeske Sichuan. De ynstituten wolle faninoar leare en mei-inoar oparbeidzje yn ûndersyk. Sineeske studinten sille nei Ljouwert komme om dêr te bestudearjen wat de prosessen binne fan it suvel en iten meitsjen. Dêrnjonken sille Ljouwert en Sichuan ek gearwurkje yn ûndersiken nei suvel, wettertechnology en werstelprogramma's nei grutte rampen.

De earste studinten fan de Sichuan University komme takom jier nei Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)