Sineeske riders op simmeriis

21 jun 2013 - 10:48
  • Sineeske riders oan it moarnsbrochje
  • Sineeske rydster oan it trainen

Santjin jonge Sineeske topreedriders binne dizze dagen oan it trainen op it simmeriis yn Thialf. Twa Fryske coaches, Siep Hoekstra en Pieter Willem de Haan, binne frege har te begelieden. Mei in bettere trainingstechnyk leare de Sinezen mear rêst ta te passen en mear fanút har bekken te riden. Fierder lette se der op dat de Sinezen in better dieet krije.

De coaches binne yn Sina al begûn. De reedriders, wêrfan't guon al meidien ha oan wrâldbekerwedstriden en Olympyske Spelen, bliuwe hjir noch oant augustus.

Harren doel is om medaljes te heljen op de China Games yn 2016.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)