Sineeske gasten by Solar

07 okt 2011 - 17:09

Sina hat grutte belangstelling foar de Fryske oanpak fan duorsume enerzjy. Foaral de stêd Liyang, dy't ticht by Shanghai leit, is bot ynteresseare. De Sinezen wiene freed op wurkbesite yn Ljouwert.

De groep komt hjir dizze wike foaral om yn de kunde te kommen mei de sinneboaten. Al in tal jierren wurdt de boaterace de Frisian Solar Challenge hâlden en doel is no om takom jier ek in Sineesk team út Liyang dêroan meidwaan te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)