Sineeske delegaasje sjocht by Fryske bedriuwen

25 mrt 2015 - 11:57
  • Tsiis by Aware op It Hearrenfean

In delegaasje út de Sineeske provinsje Heilongjiang is dizze wike op besite yn Fryslân. De Sinezen sjogge benammen by bedriuwen yn de suvelsektor. Takom moanne is yn de Sineeske provinsjehaadstêd Harbin in grut suvelkongres. Dêr sille ek Nederlânske bedriuwen by wêze.

Njonken de suvelbedriuwen sjogge de Sinezen ek by in bedriuw yn de jierappelferwurking. Kommisaris fan de Kening John Jorritsma ûntfangt de Sineekse delegaasje tongersdei op it provinsjehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)