Sineesk restaurant Frjentsjer yn top fan Nederlân

08 des 2014 - 23:06

Restaurant Cheung Kwong fan Frjentsjer is it fjouwer nei bêst Sineeske restaurant fan Nederlân. It is al de fyfde kear op rige dat it restaurant de top 10 hellet fan de bêste 88 Sineeske restaurants. Neffens sjef-kok Tai Pan Yau is de klassearing de beleaning foar it hurde wurkjen en it omtinken dat se ha foar de kwaliteit. Sa keapje se al it fleis en grienten sa farsk as mooglik yn.

Tai Pan is noch net tefreden mei de top fiif. Hy wol besykje takom jier fierder omheech te klimmen op de list.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)