Sinees mei yllegale wurknimmer

19 maaie 2008 - 10:13

In Sinees restaurant yn Drachten hat snein in boete krigen omdat der in man fan Sineeske komôf wurke dy't yllegaal yn Nederlân is. Dêrneist is it restarant beboete foar in man dy't gjin wurkfergunning hie.

De plysje kontrolearre snein yn de trije noardlike provinsjes meiïnoar 70 restaurants op yllegale wurknimmers. Yn Fryslân waarden der 24 kontrolearre. Neist Drachten waarden der ek yllegalen oantroffen yn ûnder oare Grins, Borger en Schoonoord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)