Sina: Boer 7de op 500 meter

16 des 2012 - 12:34

Margot Boer is snein by de wrâldbekerwedstriid yn Harbin yn Sina sânde wurden op de 500 meter. Dy 500 meter waard wûn troch Olympysk kampioene Sang-Hwa Lee yn in tiid fan 37.65 tellen, 0.3 sekonde flugger as it baanrekôr.

Jing Yu fan Sina waard twadde yn 38.34, Nao Kodaira waard tredde yn 38.38. Margot Boer wie mei 38.66 de bêste rydster út Nederlân. Thijsje Oenema waard alfde yn 38.91. Sang-Hwa Lee giet mei 600 punten oan de lieding yn it wrâldbekerklassemint. Boer stiet yn dat klassemint op it sânde plak.

Op de 1000 meter waard Margot Boer fiifde yn 1.17.28. De winst wie foar de Sinese Hong Zhang yn 1.16.71. Sjoerd de Vries ried in bettere 1000 meter as dy fan sneon. Doe waard er 14e yn 1.11.33. Snein kaam er út op 1.10.79, goed foar it sânde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)