Simpele boufergunning It Fean

04 feb 2010 - 20:15
  • De simpele boufergunning foldocht goed, mar kin wol flotter ôfjûn wurde

Nije gebouwen, dêr't in ienfâldige boufergunning foar ôfjûn is, binne net minder as oare nije gebouwen. Dat hat in ûndersyk by de gemeente Hearrenfean dúdlik makke. Dêr wurkje se sûnt 2007 mei ienfâldige boufergunnings, minsken hoege net mear yn it foar oan alle regels te foldwaan. Letter wurdt wol sjoen oft se dat dien hawwe.

It tempo fan it ôfjaan fan de fergunnings kin noch wol heger en dat jildt ek foar de foarljochting nei de boargers ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)