Simon Kuipers wint 1500 meter

04 des 2005 - 10:09

Simon Kuipers fan It Hearrenfean hat sneon by de Wrâldbekerwedstriden yn syn wenplak de 1500 meter wûn. Hy ried de ôfstân yn 1.45,39. Dêrmei ferbettere er syn eigen baanrekord.

De Amerikaan Chad Hedrick waard twadde, op it tredde plak einige Fabris. Foar Jan Bos wie der by de 1500 meter in fyfde plak, Erben Wennemars in sande en foar Beorn Nijenhuis in achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)