Simon Gogerly helpt Ilanois

05 jan 2009 - 12:25
  • Simon Gogerly oan it wurk yn ´e studio

De Fryske popband Ilanois hat de help fan de ferneamde Ingelske prodjûser Simon_Gogerly ynroppen by it meitsjen fan har nije album. Fjouwer nûmers hat de band al opnommen yn Ingelân en yn febrewaris folgje der nochris seis songs. Gogerly is in betûft prodjûser. Hy hat wurke mei bands as No_Doubt, New_Order, Nelly_Furtado en N.E.R.D.

Ek hat Gogerly koartlyn in Grammy Award wûn foar syn wurk oan it lêste album fan U2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)