Simmerwinkel Aldegea fernijd

10 jun 2008 - 09:54

Yn Aldegea Wymbritseradiel wurdt no sneon de fernijde simmerwinkel wer iepene. De winkel sit yn it foarste part fan ´e eardere supermerk yn it sintrum fan it doarp. Ofrûne winter is de âlde winkel yngeand ferboud om plak te meitsjen foar de simmerwinkel.

It inisjatyf foar de winkel komt fan de rekreaasjestichting Aldegea Wymbritseradiel. Dy wol yn de simmermoannen in winkel iepenhâlde foar rekreanten en ynwenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)