Simmerradio by it nijs

30 jun 2003 - 00:00

Omrop Fryslân Aktueel hat yn de simmer wer spesjale rubriken. Nij is Tagong Ferbean dat moarns om healwei achten te hearren is. De ferslachjouwer komt op plakken dêr't je oars net komme meie, lykas it bouterrein fan MCL-súd.

Om 12.30 prate we oer it nijs fan de dei mei foarbygongers ergens by in brêge yn Fryslân en om 17.30 oere kinne jo nei 'âld' nijs harkje. De rubryk Under it stof wei hellet âlde saken wer foar it ljocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)