Simmerkampen foar bern op Skylge

09 jun 2003 - 00:00

Op Skylge binne fan 't simmer wer kampen foar jonges en famkes. Der binne trije kampen yn de perioade fan 6 july oant en mei 16 augustus. De kampen binne bedoeld foar bern yn de leeftyd fan tsien oant en mei 15 jier.

De organisaasje is yn hannen fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân op Hoarn. Under lieding fan sân folwoeksenen dogge de bern spultsjes yn bosk en dún, strân en see. Wille meitsje en hawwe is it doel fan de kampen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)