Simmeriis Thialf grut sukses

30 jun 2004 - 15:27

It simmeriis op Thialf op It Hearrenfean is in grut sukses. It simmeriis is goed in wike lyn iepensteld en der ha no al sa'n 2000 rekreaasjeriders west. Ferline jier kamen der yn twa hiele wiken fan simmeriis krapoan 2000 minsken.

Neffens kommersjeel meiwurker Jan Zwier is de taname te tankjen oan in gruttere bekendheid fan it simmeriis. In mearderheid fan de riders komt út Flevolân, Gelderlân, Oerisel en Drinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)