Simmer wurdt ekstremer

01 aug 2013 - 16:38

De simmer nimt ekstreme foarmen oan mei tropyske temperatueren en warskôgings foar smog en tonger. It Ryksynstitút foar Folkssûnens advisearret minsken om gjin grutte lichaamlike ynspannings te dwaan. Se ferwachtsje freed 'matige smog'.

De belange-organisaasje foar de bliksembefeiliging ferwachtet risiko's troch tongerbuien. Der kin skea ûntstean troch ynslach yn gebouwen. It wjerljocht slacht yn trochsneed tsien kear yn it jier yn yn in straal fan in kilometer om in gebou hinne. Troch foarljochting wurde minsken wizer makke.

Stekkers út it stopkontakt by tonger is wol bekend. Net dûse of ôfwaskje wer minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)