Simmer Kolkkonsert sukses

19 sep 2009 - 15:51
  • Simmer Kolkkonsert yn Snits

It tredde Simmer Kolkkonsert yn Snits wie freedtejûn in grut sukses. Tsientûzen minsken kamen ôf op de ôfsluting fan de simmer. Dat wiene der goed 2000 mear as ferline jier.

It moaie waar spile dêrby neffens de organisaasje in wichtige rol. De bekende rockmuzikanten Chris Thomsom fan de Manfred Mann's Earth Band en Bobby Kimball fan Toto treden freed op by it Kolkkonsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)