Simmer 2000 ferkeapet goed

15 jul 2000 - 19:56

De produkten mei it Simmer 2000-logo ferkeapje goed. Neist tûzenen petten fleane ek T-shirts, ierdewurk, flaggen en oare sûvenirs de winkels út. In bedriuw út Ljouwert hat de rjochten op it logo en fersoarget de produkten.

It bedriuw hie by de ferkeap rekkene op meiwurking fan de pleatslike kommisjes. Dat foel lykwols ôf neffens it haad ferkeap fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)