Silvio Teunissen wol 246 kilometer hurdrinne yn Grikelân

10 sep 2015 - 07:28
  • Silvio Teunissen is folop yn training foar de Spartathlon
  • Teunissen op de behanneltafel by fysioterapeur Kingma

Yn de hurddraafwrâld binne der ferskate wedstriden. Je hawwe bygelyks maratons of ultraruns. Foar de échte fanatikelingen is der oer twa wike de Spartathlon yn Grikelân. Dat is in ferneamde wedstriid oer 246 kilometer, dy't de hurddravers binnen 36 oeren helje moatte. De loop is foar de 33ste kear. Yn al dy jierren hawwe mar 25 Nederlanners de Spartathlon útrûn.

Silvio Teunissen út Boalsert docht der oan mei en reizget nije wike nei Grikelân. Hy is himsels al wikenlang oan it tarieden mei stipe fan syn húshâlding.

Neffens fysioterapeut Anton Kingma is Teunissen der klear foar. Kingma hat der betrouwen yn dat Teunissen de útdaging oan kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)