Silobouwer Lemmer mei hichte yn

09 mrt 2004 - 00:00

Silobouwer Polem mei in produksjehal fan 30 meter heech bouwe. De gemeente wol foar it Lemster bedriuw in útsûndering meitsje. Nijbou fan sokke bedriuwen mei oars net heger as alve meter wêze. Polem soe in frijstelling fan it bestimmingsplan krije.

In hege wentoer soarge ferline jier foar wjerstân. It Ooievaarsnest mocht der net komme. Polem mei wol de hichte yn om't it bedriuw wurk opsmyt. Ein maart wurdt der yn de ried oer praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)