Silo út elkoar barsten

22 jun 2008 - 13:24

Troch in selsmakke fjoer is sneontemiddei op De_Gordyk in betonnen silo út elkoar barsten. In 43-jierrige man út Langsweagen hie yn de silo in grutte bulte sloophout yn ´e brân stutsen.

It fjoer wie sa hyt wurden, dat de silo mei in lûde knal útelkoar klapte. Troch de klap sprongen de ruten fan in loads op it terrein fan de buorlju. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De man hat in boete krigen foar it yllegaal ferbaarnen fan hout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)