Silke Boersma wint Sulveren Karwats

22 jul 2015 - 16:06
  • De hurddraverij ûnder de man op De Jouwer

Nei de Gouden Swipe hat Silke Boersma fan Ljouwert fan 'e middei ek de Sulveren Karwats wûn. Se die dat by de draverij yn it sintrum fan De Jouwer. By dizze draverij moatte de dielnimmers mei harren hynder twa kear 100 meter op in sânbaan ride. Se dogge dat sûnder sadel.

Silke wûn heal juny ek al de Gouden Swipe. Dy wedstriid wie dit jier yn Ljouwert yn it ramt fan it 250-jierrich jubileum fan regintesse Maria-Louise van Hessen-Kassel. Fanwegen dy bysûnderheid krige Boersma doe de Gouden Swipe oerlange fan kening Willem-Alexander.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)