Silers rêden troch ûndjipte

13 aug 2013 - 17:35
  • De Sleattemermar

De blusboaten fan de brânwachtkorpsen Balk en Heech binne tiisdeitemiddei útfearn foar in helpaksje op de Sleattemermar. In sylboat mei fjouwer opfarrenden wie dêr omslein. Om't de mar op dat plak ûndjip is, koene de silers mei de fuotten op de grûn stean en sa wachtsje op rêding.

De silers binne nei de wâl brocht. Ambulânsepersoniel hat se opfongen en ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)