Silerij op Kralingse Plas

23 maaie 2014 - 10:03
  • Skûtsjesilen

It skûtsjesilen op de Kralingse Plas yn Rotterdam is freedtemiddei live te folgjen op omroplive.nl. It trijedaagse evenemint Skûtsjesilen Holland begûn tongersdei en wurdt organisearre troch de stichting 'De Wind in de Zeilen'.

Tsien skûtsjes, wêrfan acht út Fryslân, sile ferskate wedstriden op de Kralingse Plas. Dat is dreger as op de Fryske marren, seit de organisaasje. It wetter is relatyf lyts en de wyn kin gau draaie.

De silerij fan freedtemiddei begjint om 14.00 oere en duorret oant goed 16.00 oere. Klaas Jansma jout kommentaar.

Mear ynformaasje: www.skutsjesilenholland.nl. Fan 'e middei live te folgjen op omroplive.nl

De skûtsjesylwedstriid op de Kralingse Plas is útsteld oan healwei trijen.

Wat wurdt der Twittere?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)