Siler Postma wint alwer

07 jul 2007 - 18:09
  • Pieter-Jan Postma: tige súksesfol yn Portugal

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is net te hâlden. Yn Portugal wûn er sneontemiddei by hurde wyn ek de fjirde en de fiifde wedstriid op it WK fan de Olympyske klassen op 'e Atlantyske Oseaan.

Neffens bûnscoach Zielhuis hie Postma yn de fyfde race in foarsprong fan miskien wol in minút op de rest. Postma stiet no op it twadde plak yn it klassemint. De Fryske Finnsiler is al wis fan in Olympyske nominaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)