Siler Postma út de kearnploech

29 jun 2009 - 17:12

Pieter Jan Postma fan Terkaple is út de kearnploech stapt. De Fryske siler yn de Finnklasse en it Wettersportbûn kinne it net iens wurde oer it training- en wedstrydskema fan Postma. Dy wol sels ferantwurdlik bliuwe foar syn eigen sylkampanje.

Postma hat tal fan prizen wûn yn de Finnklasse en docht ynkoarten ek mei oan it wrâldkampioenskip yn Denemarken. Hy sil de kommende tiid traine by de Ingelske ploech yn de Finnklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)