Siler Postma sechde yn Miami

28 jan 2007 - 15:18

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is by de Olympic Regatta yn Miami as sechde einige. Yn de 13e en lêste race fan de Finn-klasse waard er 20e en einige dêrtroch mei in totaal fan 88 punten.

De Noar Peer Moberg waard earste mei 55 punten. Postma hat in wikselfallige wike achter de rêch. De lêste twa races foelen in bytsje ôf, mar yn de wedstriden dêrfoar waard er bygelyks ek fjouwer kear earste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)