Siler Postma sakket op EK-Finn

08 jun 2007 - 10:14

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is flink sakke op it Europeesk Kampioenskip. Hy sakke yn de Finnklasse fan it 13de plak nei it 35ste plak.

Op 'e Hongaarske Balatonmar einige hy yn de fjirde race as 44ste. Yn de fyfde race kaam hy net oer de finish. Bêste Nederlanner is no Stefan de Vries. Hy is no 16de. Freed en sneon binne de lêste wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)