Siler Postma op medaljekoers

27 aug 2009 - 18:30

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple stiet nei de fjirde dei fan it Europeesk Kampioenskip yn de Finn-klasse op it seisde plak yn it klassemint. Yn it Bulgaarske Varna waard er tongersdei sânde en twadde.

As er de minste wedstryd fan syn puntetotaal ôflûkt, hat Postma 46 punten. Dêrmei leit er op medaljekoers. De Fryske siler sit sûnt koart net mear by de Nederlânske kearnploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)