Siler Postma op medaljekoers

28 jan 2008 - 12:23
  • Pieter-Jan Postma docht it goed op it WK yn Austraalje (foto Simon Keijzer)

Finn-siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple begjint tiisdei as tredde oan de ôfslutende medaljerace by it wrâldkampioenskip foar de kust fan Melbourne. Postma waard moandei sechde yn de achtste race en dêrtroch gie hy ien plak omheech yn it klassemint.

Postma hat in efterstân fan acht punten op de Ingelsman Ben Ainslie en sân punten op de Nij-Seelanner Dan Slater. Oan de finale meie allinnich de bêste tsien silers meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)