Siler Pieter-Jan Postma makket falske start goed

25 nov 2015 - 14:29
  • Pieter-Jan Postma yn aksje
  • Pieter-Jan Postma (argyffoto)

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat him woansdei goed ferbettere nei syn minne start by it WK yn Nij-Seelân. Omdat der temin wyn stie wie der mar ien wedstriid en dêryn waard Postma fiifde. Dêrmei klom hy fan it 31e nei it 18e plak yn it algemien klassemint. Postma is op jacht nei in startbewiis foar de Olympyske Spelen yn 2016 yn Rio de Janeiro. Hy hat nei trije races 61 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)