Silent Express by Duran Duran

14 mrt 2011 - 14:47
  • A Silent Express
  • Duran Duran

De Frysk/Grinzer band A Silent Express stiet yn it foarprogramma fan Duran Duran. Dy Britske band jout op 11 juny in konsert yn it fuotbalstadion fan ADO Den Haag. A Silent Express hat kontakt socht mei de organisaasje doe't bekend waard dat de band nei Nederlân kaam.

Uteinliks is de Frysk/Grinzer band troch Duran Duran sels nei foaren skood om it foarprogramma te dwaan. Duran Duran wie foaral yn de jierren tachtich hiel grut yn Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)