Siktaris B'him stapt op

28 mrt 2007 - 10:36

Yn Boarnsterhim is ferskil fan miening ûntstien tusken it kolleezje fan B & W en de gemeentesiktaris. Dat ferskil fan miening is sa grut dat gemeentesiktaris Koffeman opstapt. Koffeman wie noch mar in jier yn dizze funksje oan it wurk.

Yn in parseberjocht skriuwt de gemeente dat it ferskil fan ynsjoch giet oer it lieding jaan yn de gemeentelike organisaasje. Koffeman sil no fierder mei in eigen bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)