Sikma oernommen troch ABZ

30 maaie 2014 - 16:16

Sikma Veevoeders fan Strobos is oernaam troch ABZ diervoeding. Dat is freed troch de bedriuwen bekend makke. ABZ wol troch de oername fan Sikma de posysje yn it noarden fan Nederlân fersterkje. It bedriuw is no foaral sterk yn it midden en suden fan it lân. By Sikma wurkje 21 minsken en by ABZ 146. Tegearre hawwe se in omset van mear as 200 miljoen Euro.

Oer it bedrach fan de oername wurde gjin meidielings dien. De oername hat gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid. De namme Sikma bliuwt bestean oant ABZ hjir foldwaande bekend is.

Ek beide direkteuren fan Sikma, Jan Dijkstra en Klaas Gerrit Sikma, bliuwe op harren plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)