Sikke Heerschop hat syn nocht fan de IFKS

09 aug 2015 - 10:20
  • Striidber yn aksje by de IFKS op De Lemmer

It IFKS-klassemint is sneontejûn noch feroare yn de A-klasse nei it behanneljen fan in achttal protesten. Jilles Bandstra waard diskwalifisearre nei in protest en degradearret dêrtroch nei de B-klasse.

Sikke Heerschop bliuwt troch de degradaasje fan Bandstra yn de A-klasse. Heerschop hat lykwols syn nocht fan de striid yn de IFKS en twifelet oft hy wol trochgean wol. Hy fynt dat der fierstente rûch syld wurdt, mei as gefolch gefaarlike situaasjes en ûngelokken. Trije minsken rekken dizze wike nei it sikehûs nei oanfarrings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)