Sikeweinen komme amper te let

28 jun 2001 - 00:00

De ambulânses yn Fryslân komme hieltyd mear op 'e tiid. Binnen in kertier moat in sikewein by in ûngelok te plak wêze. Yn fjouwer prosint fan de gefallen slagge dat ferline jier net.

Fryslân docht it goed yn ferliking mei de rest fan it lân. Yn guon regio's komt de ambulânse by ien op de tsien gefallen te let. In oare ferdieling fan ambulânses ferbettere de Fryske situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)