Siken troch baktearje yn MCL

22 okt 2003 - 00:00

De sikehûsbaktearje Staphylococcus Aureaus soarget foar in krisissituaasje yn MCL-súd yn Ljouwert. De baktearje dy't wûnynfeksjes feroarsaket, hearsket nei alle gedachten al sûnt 2001 yn it sikehûs. Op it stuit binne sa'n seis pasjinten siik fan de ôfdieling Traumatology, ek wol ôfdieling X neamd.

De pasjinten wurde isolearre ferplege. Fjouwer meiwurkers fan it sikehûs sitte siik thús. As der mear siken bykomme, moat al it personiel ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)