Sikehuzen sizze Omrin ôf

02 apr 2009 - 09:38

Omrin hellet net langer it ôffal op fan de Fryske sikehuzen. De fiif sikehuzen en hast alle soarchynstellings yn Fryslân ha keazen foar ôffalferwurker Sita. Dy is in stik goedkeaper as Omrin. Neffens it MCL skeelt it wol in ton yn it jier.

Omrin hie fiif jier in kontrakt mei de soarchynstellingen mar se koene net konkurrearje mei de priis fan Sita. Yn maaie giet Sita oan de slach mei de 3 tûzen ton ôffal dy't de sikehuzen en soarchynstellingen produsearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)