Sikehuzen lilk oer rapport

24 maaie 2002 - 00:00

De Fryske sikehuzen fine net dat se min funksjonearje. Se binne it net iens mei in rapport fan it ministearje fan Folkssûnens. Dêr stiet yn dat sikehuzen genôch kapasiteit ha om wachtlisten fuort te wurkjen, mar dat dat net slagget om't se net effisjint wurkje.

It MCL fynt dy konklúzje ûnsin. Neffens it sikehûs moat der mear jild komme om de fraach nei soarch oan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)