Sikehuzen klear foar iisdrokte

17 jan 2013 - 19:58

De sikehuzen MCL yn Ljouwert en de Tjongerskâns op It Hearrenfean binne goed taret op mooglike slachtoffers op it iis. In grut tal iisbanen is yntusken al iepen en de ferwachtings foar it wykein binne dat in soad minsken de redens ûnderbine sille. De earste help ôfdielingen fan MCL en de Tjongerskâns kinne ekstra personiel oproppe en der is genôch gips op foarried.

Yn de sikehuzen binne ek in spesjale rûtes op de ôfdieling makke om slachtoffers fan it reedriden it goeie paad te wizen.

Sa ferwachtsje de sikehuzen foar te kommen dat minsken lang wachtsje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)