Sikehuzen keapje mei-elkoar yn

13 nov 2009 - 10:30

MCL yn Ljouwert en De Tjongerskâns op It Hearrenfean krije in mienskiplike ynkeaporganisaasje. Dat hawwe de rieden fan bestjoer besletten nei in posityf advys fan de ûndernimmingsrieden fan de sikehuzen.

Troch de ynkeap mienskiplik te dwaan tinke beide sikehuzen goedkeaper ôf te wêzen. De mienskiplike ynkeaporganisaasje moat neffens it MCL en de Tjongerskâns sjoen wurde as yn wichtige stap yn fierdergeande gearwurking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)