Sikehuzen âldereinfreonlik

01 okt 2013 - 11:47
  • Aldere pasjinten wurde yn Snits begelaat troch in gasthear of gastfrou

Alle Fryske sikehuzen hawwe tiisdei it karmerk 'âldereinfreonlik' krigen, útsein De Sionsberg yn Dokkum. Dat hat net meidien oan it ûndersyk, om't se op 't heden middenyn in reorganisaasje sitte.

Alle 130 sikehuzen yn Nederlân binne it ôfrûne jier toetst op fyftjin kwaliteitsaspekten. Dat binne bygelyks beskikberens en ynset fan it geriatryteam, spesjale maatregels op de Earste Help foar âlderein en in oanpaste ynrjochting fan ferpleechôfdielings. It karmerk is in inisjatyf fan ferskate âldereinorganisaasjes.

Doel fan it karmerk is sikehuzen te stimulearjen de organisaasje fan de soarch en ynrjochting fan it sikehûs ôf te stimmen op soarchfragen en ferlet fan âlderein. It karmerk is dit jier foar it earst útrikt. De âldereinbûnen binne fan doel om de sikehuzen oer twa jier op 'e nij hifkjen oer hoe't âldereinfreonlik se binne. Dat wurdt ûnder oare dien mei help fan 'mystery guests'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)