Sikehûspasjinten langer thús

27 jan 2007 - 14:22

Pasjinten op It_Hearrenfean kinne langer thúsbliuwe om't spesjalisten en húsdokters mear gearwurkje sille. Húsartsen kinne de pasjinten faak better thús fersoargje, fine de doktoaren yn sikehûs De_Tjongerskâns . De tiid dy't minsken langer thúsbliuwe kinne, hoege se net yn it sikehûs te lizzen.

Der binne sûnt koart nije regels oer wannear't en hoe't in pasjint trochferwiisd wurdt nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)