Sikehûsdebat ropt mingde gefoelens op

10 des 2014 - 21:42

Wethâlder Sicco Boorsma fan Dongeradiel is ridlik posityf oer it debat dat de Twadde Keamer woansdei hold oer sikehûssoarch yn krimpgebieten. Fanwege de sluting fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum wie de wethâlder mei sa'n 100 oaren nei it debat ôfreizge. Neffens Boorsma jout de minister iepenings foar it iepenhâlden fan it sikehûs.

Fise-foarsitter Peter Fahner fan de medyske stêf fan it sikehûs is minder posityf. Neffens him komt der foar 1 maart gjin oplossing fan de minister en kin De Sionsberg dêr net op wachtsje.

Fahner ropt de partijen yn de Twadde Keamer dêrom op mei in moasje te kommen om De Sionsberg yn elts gefal iepen te hâlden oant 1 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)