Sikehûs yn Drachten wol yn 2030 enerzjyneutraal wêze

10 mrt 2016 - 22:09

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wol yn 2030 hielendal enerzjyneutraal wêze. Dêrfoar moatte der sinnepanielen op it dak komme. Der is romte foar 7500 eksimplaren. In subsydzje fan it ryk is nedich om de sinnepanielen oan te skaffen. Dat kin mei help fan jild út it potsje 'stimulearring duorsume enerzjyproduksje'.

It sikehûs ûndersiket de mooglikheden fan sinnepanielen op it dak. Se besjogge mei oare bedriuwen en mei help fan saakkundigen Maatskiplik Ferantwurde Undernimme hokker paden se gean moatte om enerzjyneutraal te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)