Sikehûs wol ûntslach Beijers

19 mrt 2010 - 16:29

Foarsitter Ruud Beijers fan de Ried fan Bestjoer fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean wurdt ûntslein as it oan de Ried fan Tafersjoch fan it sikehûs leit. Se ha gjin fertrouwen mear yn him. Beijers waard ûnder oaren fertocht fan it wytwaskjen fan jild dat syn eks-partner ôftroggele hie fan folk út societeyrûnten.

Dy saak hie net direkt te krijen mei it sikehûs. Dochs hat it alles te meitsjen mei de ûntslachproseduere fan de Ried fan Tafersjoch tsjin him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)