Sikehûs ûntwikkelet astma-app

10 jul 2015 - 11:55
  • Omrop Fryslân

In team fan sikehûs de Tjongerschans fan It Hearrenfean hat 30.000 euro wûn foar it ûntwikkeljen fan in spesjale astma-app. Tillefoanmaatskippij Vodafone organisearre de wedstryd "Vodafone Mobiles for good Challenge'' en helpt it team ek om de app te ûntwikkeljen. It idee is dat de pasjinten fideos opnimme wertroch de astma-app sjen kin wat der oan de hân is en oft de atsmapasjint benaud is. Ek in soad âlden fine it lêstich om oan te fielen wannear't harren bern help nedich hawwe of net. De astma-app soe de âlden en pasjinten helpe kinne.

Nei alle gedachten kin de app yn jannewaris foar it earst brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)