Sikehûs Snits wurket mei Grins

14 sep 2011 - 16:37

Kardiologen en berne-artsen fan it Antonius-sikehûs yn Snits en Emmeloard sille gearwurkje mei kollega's fan it universitêr sikehûs fan Grins. Doel is sa de soarch foar bern en folwoeksenen mei in oanberne hertôfwiking te ferbetterjen.

It sikehûs yn Grins is ien fan de fjouwer sintra yn Nederlân dêr't oanberne hertôfwikingen behannele wurde. Troch de gearwurking kinne pasjinten yn it noarden deselde heechweardige soarch krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)