Sikehûs Snits bêste fan Nederlân

23 sep 2004 - 10:06

It Antonius Sikehûs yn Snits is neffens wykblêd Elsevier it bêste sikehûs fan 2004. It wykblêd hat in enkête hâlden nei de kwaliteit fan de Nederlânske sikehuzen. Neffens it ûndersyk biedt it sikehûs yn Snits tige goede medyske soarch, renommearre spesjalisten, in goede omgong mei pasjinten en in goede gearwurking mei húsdokters.

It is sterk yn de breedte, sa stelt Elsevier. In minpunt is de net sa bêste finansjele posysje fan it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)