Sikehûs NE-polder yn problemen

13 apr 2007 - 17:25

Foar de problemen by it sikehûs fan Emmeloord moat sa gau mooglik in oplossing komme. Neffens direkteur Van der Kam fan it Snitser Antoniussikehûs komme der hieltyd mear minsken út de Noardeastpolder nei it Antonius. Dat kin de fraach dêrom mar amper oan.

De kwaliteit fan it Emmeloorder sike- hûs soe min wêze. De polityk yn de NE- polder wol no ûndersyk nei gearwurking mei in oar sikehûs. Snits soe dêrby de wichtichste kandidaat wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)