Sikehûs MCL hat fernijde webside

13 apr 2015 - 16:14
  • Fernijde webside sikehûs MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat in fernijde webside. Dy is neffens it sikehûs makliker te brûken as de âlde. Der stiet ek mear op, bygelyks in grutte medyske ensyklopedy, dêr't alle soarten sykten yn werom te finen binne. De bedoeling is dat elk hiel rap fine kin wêr't er ferlet fan hat.

Foardat de nije webside makke waard, hat it MCL in ûndersyk dwaan litten ûnder minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne. Mei de útkomsten dêrfan is de webside ek foar sokke minsken geskikt makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)